Ynbrekker betrape yn Snits

15 mrt 2011 - 10:31

De plysje hat moandei yn Snits in 41-jierrige man betrape dy't ynbrutsen hie yn de nije senioareflat oan de Napjusstrjitte. De plysje hie heard dat in dronken man dêr in rút fernield hawwe soe en noch yn it gebou wêze soe. Se troffen de man achter in needdoar.

Hy stie dêr mei in burostoel, twa byldskerms en in kompjûter. De man fersette him bot by syn oanhâlding en misledige de plysje. Hy is fêstset op it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)