Fertochte ûngelok langer fêst

15 mrt 2011 - 10:24

In Ljouwerter (39) bliuwt langer fêstsitten omdat hy freedtejûn yn de Esdoarnstrjitte yn Ljouwert in deadlike oanriding feroarsake hat. Dêrby kaam in man (56) út Ljouwert om it libben en rekke syn dochter (15) swier ferwûne.

De fertochte waard fuort nei it ûngelok oanhâlden, tegearre mei in oare Ljouwerter (24). Beide hiene tefolle dronken en it waard net dúdlik wa't achter it stjoer siet. De plysje wit no dat dit de 39-jierrige man wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)