Cambuur-spilers op redens

14 mrt 2011 - 16:58

De spilers fan SC Cambuur krigen moandei wol in hiel nuvere trening. Se hoegden har dit kear net te melden op it treningsfjild, mar by de iishal fan Ljouwert. Dêr krigen se les yn iishockey.

Fryslâns bêste iishockeyer, Marco Postma, joech se dêr tips oer hoe op de redens stean te bliuwen. Spilers dy't gjin blessueres hiene mochten meidwaan fan trener Alfons Arts. Hy die lykwols sels net mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)