Seintsje i-Phone foar medisyn

14 mrt 2011 - 16:24
Foto: Omrop Fryslân

Minsken dy't medisinen brûke en in i-Phone hawwe hoege tenei noait mear te ferjitten wannear't se dy medisinen ynnimme moatte. Fia de i-Phone kinne se mei in nij programma in seintsje krije wannear't se medisinen ynnimme moatte.

De GGZ yn Fryslân is de earste ynstelling dy't sa'n eigen applikaasje yn gebrûk nimt. Se dogge dat omdat oantoand is dat minsken dy't op tiid har medisinen ynnimme de terapy folle trouwer folgje.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)