Provinsjehûs foar op skema

14 mrt 2011 - 15:22

De bou fan it nije provinsjehûs yn Ljouwert sjit aardich op. De bûtenkant fan it 45 meter hege gebou is foar in grut part klear en rint dêrmei foar op skema. De 56 meter grutte boukraan by it provinsjehûs is dêrom moandei ôfbrutsen. Yn it gebou fan hast 80 miljoen euro, wurdt noch wol wurke.

Ein dit jier ferhúzje de 800 amtners wer fan de Snitsertrekwei nei de Twibaksmerk. Twa jier lyn is begûn mei de sloop fan it âlde provinsjehûs. De nijbou wurdt ferwaarme mei ierdwaarmte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)