Steuring treft biblioteken

14 mrt 2011 - 12:21

De Fryske biblioteken binne ferline wike moandei troffen troch in kompjûtersteuring. De sintrale server yn Ljouwert hat der in dei lang útlein. Dêrtroch binne de boeken dy't dy dei útliend, ferlinge en ynlevere binne net registearre. Ek minsken dy't har dy moandei oanmeld ha as nij lid, stean net mear yn it systeem.

De biblioteken roppe klanten op fia it ynternet har eigen liengegevens te kontrolearjen en kontakt op te nimmen as dy net kloppe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)