Biblioteken yn aksje

14 mrt 2011 - 12:17

De Fryske biblioteken begjinne moandei mei har kampanje 'de byb docht wat mei dy'. Yn filmkes op Omrop Fryslân Televyzje wolle de biblioteken harren besteansrjocht oantoane. De kampanje is bedoeld om tsjinwicht te bieden oan de plannen fan gemeenten om te besunigjen op de biblioteken.

Neffens de biblioteken kinne se dêrtroch de tsjinstferliening net langer op peil hâlde en moatte iepeningstiden en kolleksjes beheind wurde.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)