Aksje skoalbern foar Libearia

14 mrt 2011 - 11:30
Foto: Omrop Fryslân

1600 bern yn Frjentsjerteradiel sette har de kommende twa wiken yn foar it West-Afrikaanske lân Libearia. Se sammelje jild yn foar harren leeftydsgenoaten en krije les oer hoe't de bern dêr nei skoalle gean.

Moandei begûn de aksje op basisskoalle de Toermalijn yn Frjentsjer mei in Afrikaanske les. Alle bern kamen yn Afrikaansk 'skoalunifoarm' nei skoalle. En ek de leararen hiene Afrikaanske klean oan.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)