Reis helpferlienster útsteld

De reis fan in ynwensters fan Holwert, dy't yn Japan mei speurhûnen op syk sil nei slachtoffers fan de ierdbeving is mei twa dagen útsteld. De frou soe moandei op it fleantúch stappe, mar dat wurdt net earder as woansdei.
Dat is besletten, omdat der yn Japan noch in swiere nei-skok ferwachte wurdt. Mooglik hat dy ek noch wer gefolgen foar de oanwêzige kearnsintrales. De frou út Holwert makket diel út fan in team fan fjouwer helpferlieners.