Frachtauto's yn Heech fernield

14 mrt 2011 - 10:04

By in transportbedriuw yn Heech binne dit wykein in grut tal frachtauto's fernield. It giet om it bedriuw Veenstra Transport op Lytshuzen. Unbekenden snijden it dekseil fan de auto's stikken en ha mooglik guod stellen. Undersyk fan de plysje moat dat lykwols noch útwize.

De plysje freget minsken dy't wat sjoen ha kontakt op te nimmen. De ynbraak wie yn de nacht fan sneon op snein.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)