Snackbar yn Ljouwert oerfallen

14 mrt 2011 - 09:58

Yn Ljouwert is sneintejûn de snackbar Ely's, oan de Valeriusstrjitte oerfallen. Om kertier foar tolven kaam der in man mei in masker op yn de snackbar. Hy rjochte in fjoerwapen op it persoaniel en easke jild. Neidat de man it jild yn in tas die, naaide er út yn de rjochting fan it Europaplein.

De plysje hat noch socht nei de man, mar hy is net fûn. De plysje hat in sinjalemint fan de man. Minsken dy't mear witte of wat sjoen hawwe, wurdt frege kontakt te sykjen mei de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)