Fryske helpferliener nei Japan

14 mrt 2011 - 06:18

Martine Dietz fan Holwert giet woansdei nei Japan om dêr te helpen by it opspoaren fan slachtoffers fan de ierdbeving en de tsunami. Sy wurket mei hûnen dy't speure nei minsken dy't ûnder it pún lizze.

Martine Dietz is ferbûn oan de stifting Signi Zoekhonden, dy't ek by eardere rampen aktyf wie, lykas nei de tsunami yn Azië yn 2004 en by de ierdbeving ferline jier yn Haïty. Frou Dietz bliuwt foarearst tsien dagen yn Japan om te helpen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)