Bob de Vries: brûns mei ploech

Bob de Vries fan De Haule is snein mei de Nederlanske ploech tredde wurden yn de ploege-achterfolging by it WK ôfstannen yn Inzell. Mei Koen Verweij en Jan Blokhuijsen ried De Vries in tiid fan 3.43.44.
De Amerikanen wûnen goud Shani Davis, Trevor Marsicano en Jonathan Kuck hiene in tiid fan 3.41.72. De Kanadeeske ploech helle sulver. Foar bûnscoach Wopke de Vegt, wie dit syn lêste wedstriid as trainer fan de achterfolgingsploech.