Snits wint; FVC ferliest

Snits Wyt Swart hat snein mei 6-1 wûn fan Hoogeveen. By it skoft wie it al 2-0 troch doelpunten fan Wybren Visser en Cees Smaal. Nei de tee skoarde de ploech fan Johan Groote noch fjouwer kear fia Batalla, twa kear Smaal en Grin. Snits hat no de konkurrinten yn de striid om degradaasje wer wat yn it sicht
FVC ferlear mei 4-0 fan Rohda Raalte. By it skoft wie it noch 0-0. Yn de twadde helte skoarde Rohda fjouwer kear yn acht minuten.