Lêste wedstriden kuorbal

13 mrt 2011 - 16:01

De Fryske kuorbalklups yn de haadklasse spilen sneon harren lêste wedstriden. It al degradearre Drachten ferlear thús mei 21-16 fan de nûmer twa, Eibernest út Den Haach. Kuorbalklup SCO fan trainer Jan Sjoerd Pool wûn noch mei 13-19 fan AKC út Almelo dat mei Drachten takom seizoen útkomme sil yn de oergongsklasse.

Mid-Fryslân kaam yn de lêste wedstryd net fierder as in lykspul. Yn Wagenenigen waard it sneon 19-19 tsjin VADA.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)