Leenstra: sulver mei ploech

Marrit Leenstra fan Wikel hat snein mei de Nederlânske ploech sulver helle op de ploege-achterfolging yn Inzell. Wrâldkampioen op it WK waard Kanada. Mei Ireen Wüst en Diane Valkenburg starte Leenstra sterk yn de lêste rit tsjin Ruslân, mar yn de lêste ronden koe allinne Wüst noch gong meitsje. Tred waard Dútslân.
Foar de froulju is it reedrydseizoen no ôfsluten.