IIsspeedwayer falt
IIsspeedwayer René Stellingwerf fan Tsjummearum is sneon fallen op it WK iisspeedway yn Assen. Hy krige boppedat dêrmei ek in motor fan de Tsjech Klatovsky oer him hinne. Troch it ûngelok is er as lêste einige en kin er snein net starte. Der ferskynt gjin Nederlanner mear oan de start.
Stellingwerf is yn it sikehûs ûndersocht, mar rint al wer op krukken. De wedstriid is sneon wûn troch de Rus Igor Kononov. Snein wurdt it einklassemint opmakke.