Margot Boer 7e op 500 meter
Reedrydster Margot Boer fan Grou is snein op it sânde plak einige op de 500 meter fan it WK ôfstannen. Yn Inzell ried se yn twa ritten 38,51 en 38,37. Annette Gerritsen hie in goede earste 500 meter riden, mar begûn mei in drege start oan de twadde rit. Se einige krekt bûten it poadium op it fjirde plak.
De Dútse Jenny Wolf wie op 'e nij oppermachtich op de sprint. Twad en tred waarden Sang-Hwa Lee en Beixing Wang.