Sealseizoen LDODK foarby

Seleksje LDODK
Der is foar LDODK sneon in ein kaam oan it kuorbalseizoen yn de seal. Der wie noch in lytse kâns op pleatsing yn de krúsfinales mar dan moast de ploech fan Gerald Aukes winne fan kampioen OVVO. Der waard mei 16-15 ferlern.
Spannend wie it noch wol, neiste konkurrint Eibernest moast op itselde momint fan Drachten ferlieze en stie healwei de wedstriid mei 13-10 efter. Uteinlik ferlear Drachten mei 21-16 en ferlear LDODK yn de lêste sekonde mei ien punt ferskil.