Bleate kont oan plysje toand
De plysje hat sneontenacht om in oere as fjouwer yn Noardburgum in ynwenner (24) út dat doarp oanhâlden fanwegen mislediging. By it sjen fan de plysje liet de fertochte oant trije kear ta syn broek sakje en toande de bleate kont. Dêrnei naaide er út. Hy waard yn in tún fan in wenning fûn.
De fertochte is oerbrocht nei it plysjeburo.