Plysje nimt rydbewizen yn

De plysje hat sneon op tal fan plakken it rydbewiis ynnaam fan begjinnende bestjoerders. In Stienzer (21) ried 140 op de Bredyk yn Jelsum dêr't 80 tastien is. Hy krige proses-ferbaal.
De plysje hâlde sneontenacht yn Drachten in man (21) út dat plak oan. Hy hie tefolle dronken en krige proses-ferbaal. Ek yn Kollum hâlde de plysje in man (21) út Kollum oan. De bestjoerder hie tefolle dronken en ried te hurd troch de Eskesstrjitte. Ek hy krige proses-ferbaal.