Ruterpaad Gytsjerk-Oentsjerk

B&W fan Tytsjerksteradiel wolle 100.000 euro útlûke foar it werstellen fan in ruterpaad tusken Gytsjerk en Oentsjerk. It ruterpaad rûn oer it terrein fan de praktykskoalle. Mar neidat dêr yn 2006 in gebou ferkocht waard, woe de nije eigner de hynsteminsken net mear oer syn hiem ha.
In wurkgroep hat in skoft dwaande west in alternative rûte te finen, dy't in grut draachflak hat en dy't ek feilich is. Dat is slagge. De ried beslút ein maart oer de plannen foar it paad.