Ambassadeurs op wurkbesite

13 mrt 2011 - 09:23

In groep Nederlânske ambassadeurs en personiel fan ambassades yn Noardeast-Europeeske lannen is nije wike op wurkbesite yn Fryslân. Se binne te gast by it Gearwurkingsferbân Noard-Nederlân. Dat wol de spearpunten fan de noardlike ekonomy ûnder de oandacht bringe. It giet dan bygelyks om wetter, enerzjy en lânbou.

De ambassadeurs geane ûnder oare op besite by wetterynstitút Wetsus en by it Gameship yn Ljouwert en by de Dairykampus yn Goutum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)