Shorttrackers net yn finale WK

Sjinkie Knegt
De Nederlânske shorttrackploech is der net yn slagge him te pleatsen foar de finale fan de ôflossing op it WK yn it Ingelske Sheffield. It fjouwertal dat bestiet út de Friezen Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma oanfuld mei Niels Kerstholt en Freek van der Wart, einige sneontemiddei yn de heale finale as tredde achter Súd-Korea en Dútslân. Dy beide lannen stride snein mei Amearika en Kanada om de titel.
De útskeakeling is in teloarstelling. Nederlân hie hope op in medalje.