Bob de Vries 2e op 10 km

Reedrider Bob de Vries is sneon op de tsien kilometer op it WK ôfstannen yn Inzell as twadde einige. De Haulster ried yn de lêste rit tsjin de Noar Bokko en helle mei 13.04.62 sulver.
Wrâldkampioen waard Bob de Jong mei in tiid fan 12.48.20. De Jong wie it hiele seizoen al de te kloppen man op dizze ôfstân. Arjan van der Kieft ried eins de twadde tiid yn 12.59.61, mar waard diskwalifisearre om't er gjin transponder, in chip oan de redens hie. Tredde waard Skobrev út Ruslân.