Beurs foar ZZP-ers yn Kollum

ZZP-ers kinne mear gebrûk meitsje fan elkoars kennis, kunde en produkten. Dat is benammen yn dizze ekonomysk mindere tiden fan belang.
Houthannel Barkmeijer yn Kollum hat sneon in spesjale beurs foar selsstannige ûndernimmers sûnder personiel organisearre. Neist ZZP-ers wiene ek de Keamer fan Keaphannel en de gemeente Kollumerlân oanwêzich op de lytsskalige beurs. De organisaasje tinkt nei oer in mooglik ferfolch fan de ZZP-beurs yn de kommende jierren.