Paviljoen strân Skier ûnwis

It is noch ûnwis dat der in permanint paviljoen op it strân fan Skiermûntseach komt. Rederij Wagenborg is eigner fan it stik strân oan de ein fan de Badweg. De rederij hat plannen by de gemeente yntsjinne foar de bou fan in nij paviljoen.
Neffens de kommisje romtlike ûntwikkeling binne se yn striid mei it bestimmingsplan en en soe it paviljoen foar te folle ekstra ferkear soargje soe. De gemeenteried hoecht dat advys net oer te nimmen.