Ferfelende lju oppakt

12 mrt 2011 - 12:23

In Drachtster (33) is freedtenacht oanhâlden. Hy hie yn in kroech spul mei in meiwurkster en sloech har yn it gesicht. Hy is meinaam nei it buro.

Yn Ljouwert is freedtenacht in man (26)oanhâlden. Hy hie ûnder ynfloed fan drank tsjin de ruten fan in restaurant skopt. Hy moast op it buro syn roes útsliepe. De plysje hat freedtenacht op It Hearrenfean in man (62) oppakt. Hy misledige in plysjeman en is op it buro fêstset om't er mar net ophâlde woe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)