Alde beammen Grou fernield

12 mrt 2011 - 11:55

Fandalen hawwe alve âlde beammen lâns it Prinses Margrietkanaal yn Grou sa slim fernield, dat se nei alle gedachten deageane. De stam is mei in seage bewurke.

De essen binne 60 jier lyn plante doe't it kanaal groeven is. Sake Porte fan Pleatslik Belang tinkt dat se de aksje net oerlibje. Dat spyt him omdat de beammen by de skiednis fan it doarp hearre en byldbepalend binne. De plysje docht ûndersyk nei de fernielerij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)