Man deariden troch drankriders

12 mrt 2011 - 09:10

In 56-jierrige Ljouwerter is om it libben kaam by in oanriding op de Esoornstraat yn Ljouwert. Syn 15-jierrige dochter rekke swier ferwûne en leit yn it sikehûs. Beide sieten op 'e fyts.

De oanriding waard feroarsake troch twa Ljouwerters yn in Mercedes. Neffens tsjûgen riden sy te hurd. Troch in ferkearsremjende bult yn de dyk waard de auto lanseard. Beide manlju sizze dat se net achter it stjoer sieten. Se hiene tefolle dronken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)