Goud foar Bob de Jong op 5 km

© Omrop Fryslân
Reedrider Bob de Jong is yn Inzell wrâldkampioen wurden op de 5 kilometer. De pupil fan de Fryske trainer Jillert Anema hâlde de Koreaan Lee Seung-Hoon en de Rus Ivan Skobrev achter him.
De Jong ried in poerbêste rit en koe geandewei syn tempo goed fêsthâlde. Hy fersloech yn in direkt duel konkurrint Skobrev en einige yn 6.15,41. It is foar De Jong de fiifde wrâldtitel út syn karriêre.