'Strop foar Bosk en Greide'

11 mrt 2011 - 15:42

It natuerprojekt Experiment Gaasterlân driget foartidich ta in ein te kommen. It soe oer in pear jier klear wêze moatte, mar it ryk driget de subsydzje op natuer yn te lûken. Dat is in strop foar partikulieren dy't lânbougrûn oankocht hawwe om it om te setten yn boskwâlen, singels of sompe.

De wurkgroep Bosk en Greide hat de ôfrûne tolve jier hiel wat lânbougrûn omset yn natuer. De hope is dat it ryk no in útsûndering makket foar it eksperimint dat de natuer fersterket.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)