Hearrenfean praat mei doelman

11 mrt 2011 - 14:17

SC Hearrenfean is yn petear mei Brian Vandenbussche oer syn takomst. Ofrune wike hat de doelman in petear hân mei technysk manager Johan Hansma. Foar takom moandei stiet der in twadde petear pland.Vandenbussche rekke oan de begjin fan dit seizoen swier blessearre. Moandei makket hy syn rentree ûnder de latte by de wedstriid fan de beloften tsjin jong FC Grins.

Ek de kontrakten fan Mika Vayrynen, Gerry Koning en Calvin Jong-A-Pin rinne nei dit seizoen ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)