Famke (12) herkent fytsedief

11 mrt 2011 - 13:24
De Nijstêd yn Ljouwert (argyffoto Omrop Fryslân)

De plysje hat tongersdei op de Nijstêd yn Ljouwert in 18-jierrige fytsedief oppakt. De man waard sjoen troch in famke fan tolve jier, doe't er foarby kaam op har fyts. Sy skeakele de plysje yn, dy't de man oanhâlde.

De man hat yntusken bekend dat er de fyts fan it famke stellen hat.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)