'Noarden klimaat-neutraal'

Foto: Omrop Fryslân
Noard-Nederlân moat yn 2050 folslein klimaat-neutraal wêze mei likefolle CO2-kompensaaje as -útstjit. Lucht en wetter moatte op syn minst 10 persint skjinner wêze as de strangste Europeeske noarmen. Dat stiet yn it twadde enerzjyakkoart fan de Sosjaal-Ekonomyske Ried Noard-Nederlân. It stik moat de basis wurde om fan it Noarden in kennissintrum te meitsjen foar enerzjyfraachstikken. De kommende fiif wurdt oant 25 miljard yn duorsume enerzjy stusten.