Frachtweinen te swier beladen

De plysje hat tongersdei op de Newtonwei yn Ljouwert in ferkearskontrôle hâlden. Dêrby waard benammen sjoen nei de lading op frachtauto's en karren. Yn tolve gefallen wie dy net yn oarder.
De frachtauto's en karren wiene te swier beladen of de lading wie net ôfdutsen. Yn oare gefallen wie der gjin markearingsboerd oanbrocht. Dat is ferplichte as in lading mear as in meter útstekt.