Triggerfinger op Freeze

11 mrt 2011 - 10:47

De Flaamske rockband Triggerfinger is dit jier de haadact op it fyftjinde Freezefestival. Triggerfinger is dêrmei ien fan de fjirtich optredende bands op it festival yn stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert. De organisaasje woe al langer de Flaamske band programmearje, mar dat slagge oant no ta net.

It festival wurdt op 24 septimber hâlden. De kaartferkeap begjint nije wike sneon.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)