Moskeflapper hat genôch bern

11 mrt 2011 - 09:59

De Moskeflapper yn Hjerbeam kin mooglik dochs iepenbliuwe. De skoalle is troch nije ynskriuwings wer boppe it minimum útkaam. Lykwols wol de oerkoepeljende direksje, de stifting Radius, de skoalle noch altyd opdoeke.

It útstel fan sluting bliuwt op de aginda fan 'e gemeenteried stean. De direksje fynt it finansjeel ûnferantwurde ek in skoalle mei 23 learlingen yn stân te hâlden. Boppedat is der gjin betrouwen dat it op de lange termyn goedkomt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)