Fakânsjehúskes meie bewenne

10 mrt 2011 - 21:22

De Haachske polityk is akkoart mei de permaninte bewenning fan fakânsjehúskes, mar foar de gemeenten komt der noch in protte wurk achterwei. Dat seit wethâlder Veenhouwer fan Eaststellingwerf. Yn syn gemeente wurde sa'n fjirtich húskes permanint bewenne. Wa't dêr nei novimber 2003 mei begûn is, moat dêr no mei ophâlde.

De gemeente sil de kommende tiid oertreders opspoare. It lêste jier is fan hanthavening gjin wurk makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)