Rjochtsaak om fingerprint

Henk Kooistra krige gjin ID-kaart fan de gemeente
De 26-jierrige Henk Kooistra út Terkaple spant in prinsipe-saak oan tsjin de gemeente Skarsterlân oer de ferplichte fingerôfdrukken yn paspoarten en identiteitskaarten. De jurist wegere syn fingerprinten ôf te stean doe't hy syn ID kaart oanfrege. Hy is benaud dat syn gegevens foar opspoaringssaken brûkt wurde. Omdat it sûnt 2009 ferplichte is om fingerôfdrukken ôf te stean, krige hy syn kaart net mei. Dêrom stapt hy nei de rjochter.