Foarming nij kolleezje útein

Yn it provinsjehûs yn Ljouwert is tongersdeitemiddei úteinset mei de ûnderhannelings foar de foarming fan in nij kolleezje fan Deputearre Steaten.
De PvdA, dy't de measte stimmen krige by de ferkiezings ferline wike, hat it foartou naam. De partij hat âld-boargemaster fan Ljouwert Margreeth de Boer frege de earste ûnderhannelings te lieden. De Boer praat de kommende dagen earst mei de njoggen fraksjefoarsitters.