Underwiis Bogerman wer goed

Bogerman Snits hat it wer foar elkoar
It ûnderwiis fan it Bogerman Kolleezje yn Snits is wer yn oarder. Dat hat de ûnderwiisynspeksje sein. Dy hat de skoalle opnij beoardield, neidat twa jier lyn in ôfdieling as bot swak bestempele waard. It gie om it VMBO mingd en teoretysk.
De ôfrûne twa jier ha direksje en learkrêften hurd wurke om it ûnderwiis wer op peil te krijen. Sa waarden de prestaasjes fan de learlingen goed yn de gaten hâlden en ha de dosinten har wize fan lesjaan feroare.