Rjochtsaak brân St. Anne

De saak oer brânstichting yn in hús oan de Weidemastrjitte yn St. Anne yn july 2010 hat woansdei wer foar de rjochter west. De eks-frou fan de man dy't fertocht wurdt fan poging moard op har, spilet in krúsjale rol yn dizze saak. De 61-jierrige fertochte feroarsake ferline jier yn St. Anne brân yn it hús dêr't syn eks-frou yn lei te sliepen.
De rjochtbank hie de frou al heard, mar wie net oertsjûge fan har ferhaal en woe har dêrom nochris hearre.