Bysûndere kom nei Princessehof

Museum Princessehof yn Ljouwert hat in weardefolle Yraanske lusterkom krigen. De 12e ieuske kom is in skinking fan Hillegonda Janssen. Sy hat yn de rin fan de jierren in kostbere kolleksje oan Arabysk keramyk sammele.
Yn de ôfrûne jierren hat frou Janssen faker guod oan it museum skonken. Mar leafst 350 objekten binne nei Ljouwert ferhuze. Dizze lêste skinking is ien fan de topstikken fan de kolleksje.