Manifest foar keunst & kultuer

De kulturele ynstellings mei-elkoar op paad
Provinsjale kultuerynstellings hawwe tongersdeitemoarn mei it oanbieden fan in manifest Provinsjale Steaten frege om yn de koalysje-ûnderhannelings royaal omtinken te jaan oan in ambisjeus provinsjaal kultuerbelied.
De kulturele ynstellings binne der fan oertsjûge dat in bloeiende kulturele sektor ek yn de takomst de motor fan Fryslân is. Keunst en kultuer binne neffens har de motor foar de leefberheid, de ekonomy en de romtlike ûntwikkeling fan Fryslân.