Kontenerbrân yn Ljouwert

10 mrt 2011 - 10:26

De plysje ûndersiket in kontenerbrân, dy't yn de nacht fan tiisdei op woansdei west hat yn de 3e Vegelindwersstrjitte yn Ljouwert. Bewenners waarden om in oere as trije wekker fan de brân. Oan de achterkant fan it hokje stiene twa ôffalkonteners yn de brân.

De bewenners koene it fjoer sels blusse, mar de konteners waarden folslein fernield en ek it hokje hie skea. De plysje slút net út dat it hjir giet om brânstichting.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)