Nije steaten op Omroplive.nl

De ynstallaazje fan de nije Provinsjale Steaten fan Fryslân is tongersdei live te folgjen op ús temakanaal Omroplive.nl. Der wurde tongersdei 43 steateleden ynstallearre troch Kommissaris fan 'e Keninginne John Jorritsma. Mear as de helte fan harren is nij.
Yn hast alle provinsjes fan Nederlân wurde tongersdei de nij keazen leden fan Provinsjale Steaten ynstallearre. Flevolân is noch net sa fier, omdat dêr mooglik in hertelling plakfine sil.