Unrêst by Burggraaff Bouw

10 mrt 2011 - 09:36

De fakbûnen hawwe tongersdeitemoarn in ledegearkomste hâlden by Burggraaff Bouw yn Ljouwert. De wurknimmers binne ûntefreden oer it struktureel te let útbeteljen fan it lean. De fertraging rint faak op nei sa'n 3 wiken.

It probleem spilet neffens it FNV al sûnt 2010. De leden en de fakbûnen stjoere no in brief mei in ultimatum. Se easkje dat it bedriuw op 25 maart oantoanbere ferbetterings makke hat. As dat net helle wurdt, sil besjoen wurde oft der aksje ûndernommen wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)