Fleanbasis: brânbommen opromje

09 mrt 2011 - 16:25

Op de fleanbasis yn Ljouwert wurde sneon twa brânbommen opromme dy't dêr yn de oarloch delkaam binne. De bommen binne fûn doe't der grûnûndersyk dien waard yn ferbân mei de oanlis fan in nij drainaazjesysteem. Explosieven Opruimingsdienst EOD sil de bommen ûnskealik meitsje. Der is in gebiet yn in straal fan in kilometer om it plak hinne útset, dêr't net ien komme mei.

Der steane gjin hûzen, dat der hoecht neat ûntromme te wurden. De diken yn it gebiet wurde wol ôfset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)