Douwe Bylsma wegeret lintsje

Kommissaris Jorritsma spjeldet Bert Versteeg syn lintsje op
Douwe Bylsma fan 'e FNP hat by syn ôfskied fan Provinsjale Steaten ôfsjoen fan in lintsje. Bylsma hat dêr rjocht op, omdat er tolve jier yn de steaten sitten hat. Bylsma fynt it lykwols genôch dat er stipe fan de partij en de kiezers hân hat. Hy woe gjin Lid fan de Oarder fan Oranje Nassau wurde.
Ad van der Ham fan it CDA en PvdA-er Bert Versteeg waarden woansdei wol Lid fan 'e Oarder fan Oranje Nassau by de ôfskiedsgearkomste yn it provinsjehûs.